gs1sm gs2sm gs3sm

It twalingdoarp Gerkeskleaster-Strobos hat sûnt snein in eigen museum. Dat is ûnderbrocht yn de eardere bierbrouwerij fan it kleaster Jeruzalem dat dêr yn it ferline stien hat. Yn it museum is de histoarje fan dit kleaster te sjen, mar ek de skiednis fan de beide doarpen wurdt tentoansteld.

Mei it nije museum wol de stichting Historische Kring Gerkeskleaster-Strobos mear toeristen lûke. It topstik yn de tentoanstelling is in kleastermop fan 750 jier âld. In eigen âldheidskeamer wie in grutte winsk fan it twalingdoarp

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Der waard dan ek in lyts feestje fierd, doe’t wethâlder Sjon Stellinga snein it doarpsmuseum iepene.

bron: Omrop Fryslân; foto’s: Auke Zeldenrust