Dizze tekst is iik beskikber yn it Nederlands
Jaep Meems – Libben yn ferbûnens
Jaep Meems (Master Meems) is in bekende ferskining yn Twizelerheide. Hy is der hikke en tein en boude der syn libben op. Fan in âlde boufal makke hy in paradyske foar himsels en al syn gasten. Jaep is in libbenskeunstner, in keunstkenner en -samler. Hy is in betûft pianist, in favoryt organist en fral in tige noflik minske. Op 6 novimber 2012 hie Hetty Kloosterman -Combs in fraachpetear mei him.
Hoe kaamsto der efter dat dyn wei yn ‘e muzyk lei?
Us mem koe hiel moai sjonge en oargelspylje. Sneontejûns wie der faak besite en as myn broer en ik dan op bêd leinen hearden wy hoe’t der ûnder spile en sjongen waard. Prachtige lieten, faak wol fjouwerstimmich, en myn broer en ik leinen dan te harkjen yn it tsjuster. Hiel moai. As bern koe ik ek hiel moai sjonge; ik woe wol sjonger wurde, mar ik haw foar it oargel keazen. Op 12-jierrige leeftyd bin ik dêr mei út ein set en dat gong dat it slydjage. Doe’t ik 14 jier wie mocht ik op it tsjerkoargel spylje en letter ek piano. Ik hie al tige betiid in dream oer wat oft ik berikke woe yn ’t libben: in hûs yn ‘e natuer, muzyk, keunst en in soad wille. Allegear yn harmony meiïnoar, it moast yn it foarste plak goed fiele.
Wa of wat hat dy yn dyn muzikale/keunstsinnige ûntjouwing beynfloede?
Dat hawwe eins twa minsken west, mei wa’t ik my geestlik gâns besibbe field haw. De iene moete ik doe’t ik in jier as 10, 11 wie. It wie in jonge út Kapelle oan de Isel, dy’t by de dûmny út fan hûs wie. Us dûmny hie in piano en dêr spile dizze jonge op. Mozart. Ik wie betsjoene en wist foartdalik: ‘Dat wol ik ek!’. Wy gongen ek wol tegearre it doarp yn en dan makke hy ûnderweis sketsen fan moaie plakjes en huzen. Fantastysk fûn ik dat. Der wie in enoarm gefoel fan werkennen, en der is doe in wrâld foar my iepen gien. Ik haw him 50 jier letter wer troffen en hy hat him yndied trochûntwikkele yn de keunst, op it stuit as galeryhâlder yn Rome en Milaan.
De oare moete ik folle letter yn myn libben. ‘k Wie troch freonen meinommen nei freonen fan harren en belâne op de Hartastate by Hegebeintum. In skitterend gebou , prachtich ynrjochte mei in soad keunst en antyk en in hearlike tún. Geweldige minsken, benammen de frou, Hetty Obreen hie in tige suvere kyk op it libben. Wy hienen fuortdalik in klik en hja sei: ‘Do komst hjir werom . Dat wie ek sa en yn ‘e rin fan de jierren is der in hiel moaie freonskip ûntstien. Hetty wenne yn it túnhûs, har man op it slot. It houlik wie net geweldich, mar sy wienen oan inoar ferknotte. Hja wie in hiel bysûndere frou, sawol wat ferskining as wat gedrach oanbelanget. Hat ek prachtige wurken makke, dêrûnder yllustraasjes foar in boek fan Anna Blaman, mei wa’t hja studearre hie. Hoe’t se yn it libben stie en oer godstsjinst tocht en prate…dat hat makke dat ik oars yn it libben bin komme te stean. ‘ Ik haw in kompromis mei Got sletten’ sei hja, ‘ik bewurk syn ierde en hy jout my iten’. Geweldich! Hja ferstoar yn 1981 en yn 1985 waard it hûs ferkocht. Sûnt gean ik der alle jierren by ‘t hjerstmis hinne as in soarte fan beafeart. Dan bin ik dêr in skoftke en fiel my op ‘e nij mei har ferbûn.
Fia har man, dy’t argivaris wie en ek alles wist oer de Fryske âlde adel, kaam ik yn kontakt mei de geneology. Ik haw myn hiele family útsocht; stambeammen binne grif ek in passy. It besef datst in keat yn in keatling bist. Wêr’t dyn woartels lizze is foar my tige wichtich. It makket dat men him ferbûn wyt. De Obreens hawwe my yntrodisearre yn in oare wrâld dy’t ik foarhinne net koe; in oare kultuer, in hegere beskaving, dêr’t keunst en kultuer – en alles wat moai is – belibbe waard. It hat my safolle jûn en mei safolle bysûnder minsken yn de kunde brocht…
Troch harren sjoch ik ek oars nei it leauwen: harren wize fan omgean mei de krite dêr’t hja yn libje (ekologysk), it respekt foar alles wat libbet, dat hat my frij makke en as it der op oan komt ta in djipper religieus besef brocht. Los fan it byntliif fan de dogmatyske tsjerke lykas ik dat dochs ûnderfûn haw.
Njonken de muzyk hasto ek in passy foar it skreaune wurd en de byldzjende keunst. Yn dyn hûs hawwe grutte nammen optreden, eins hat gâns literêr Fryslân te gast west. Hoe is dat yn syn wurk gien?
Dat is útein set by de Obreens. Ik mocht yn harren hûs kulturele jûnen organisearje. Geweldige foarstellings, literêr, muzyk, teater yn in geweldich dekor. Fansels. Harren hûs – harren sfear – liende har dêr fantastysk foar. Nei’t sy út de tiid rekke wie en hy de boel ferkocht hie bin ik hinne gean en organisearje dy jûnen yn myn eigen hûs. ‘k Ha it yn de jierren tachtich kocht en hielendal opkrease. It is in hearlik hûs mids yn in bosk dat yn ‘e midden in marke hat. Yn myn tún haw ik wol ekspoysjes hân, en ik mei skriuwers, skilders, professors en muzikanten ta myn gasten rekkenje. Guon bliuwe in skofte út fan hûs yn it gasteferbliuw; ‘k haw op dy manier gâns in soad keunstleavjende freonen en kunde krigen.
Myn passy foar it lêzen en de boeken stammet al út myn bernetiid. Doe’t ik 15 jier wi lies ik foar de earste kear in Frysk boek: It Jubeljier fan Simke Kloosterman. Ik fûn it in fantastysk boek en it hat my tige yn ‘e besnijing krigen, dat wol sizze dat ik yn myn eigen taal lêze koe. It hat my bewust Frysk en ta in bewuste Fries makke. Ik hâld tige fan de styl fan Simke, harren bewustwêzen, har waarnimming en de wize hoe’t hja it ferwurdet. Wier in dame én in echte keunstneresse. Tige wichtich west ek foar de ûntjouwing fan de (ek dy fan my) Fryske identiteit. Ypk fan de Fear, in oare Fryske skriuwster hat dêr ek gâns ta bydroegen. Mei har haw ik in hiel goeie freonskip hân oant har ferstjerren yn 1983.
Alle libben komt ta in ein en ek dat fan dy is wat dat oan giet net oars. Wat litsto de minskheid nei? Hoe wolsto yn it ûnthâld bliuwe?
Dat is in lestige fraach! Bytsje dûbeld ek. Hoe’t de lju oer my tinke makket my net út, dêr bedoel ik mei dat ik dat net ynfolje kin. Ik doch myn bêst om altyd aardich te wêzen foar eltsenien dy’t ik tsjinkom. Ik groetsje de minsken yn it doarp en meitsje graach in praatsje mei dizze en jinge en bin dêr ek rûnút yn. Mei in soad âld-learlingen haw ik ek goeie kontakten. Ik besykje in goed minske te wêzen; myn âlders hawwe ús sa grutbrocht dat men der net allinnich foar jinsels is mar ek foar oaren. Eltsenien hat men yn rekken. Ik hoopje dat de lju my yn it sin hawwe sille as in goed en noflik minske. De muzyk en de keunst mei ek fansels, wat eltsenien mar wol.
Wat is neffens dy de wichtichste ûntjouwing yn de keunst en de kultuer op it stuit?
De niget oan keunst en kultuer, lykas ik dy wurdearje, rint foar myn gefoel tebek. Ik sjoch benammen oerflakkigens en fernim dat ik de jongste generaasje keunstners gauris net mear folgje kin yn harren uterings. Faak aardige lju, in protte talint ek, mar oe sa rjochte op sukses en bûtenkant en te min op ynhâld komt my foar. Ik freegje my faak ôf: ‘Hoe no fierder?’ It heljen fan de media liket mear in eindoel yn stee fan in middel foar fierdere ûntjouwing. Spitich, mei’t der faak wol kroades nedich binne om echte talinten in kâns te jaan.
Wa moatte wy op dat mêd neffens dy yn ’t fizier hâlde? Wa sil der in grutten ien wurde?
Robert Poortinga! In jonge út Damwâld, pianist. Kaam by my fia De Wâldsang. Geweldich talint! Spilet no yn New York dêr’t hy syn oplieding ferfolget. Haw’k fia myn kontakten foar him klear krije kind. Dêr doel ik dus op mei kroades. Hy jout yn jannewaris hjir in húskeamerkonsert. Dy moatst grif yn ’t fizier hâlde!
Noch sa’n ien: Tim de Vries, soan fan sjoernalist Abe de Vries fan it Frysk Deiblêd. Kaam hjir mei syn likegoed talintearre broerke. Tim hat it yn him om in grut fioelist te wurden. Sa’t dy jonge spilet mei syn instrumint! It is in wûnderbern. Spilet meikoarten tegearre mei Simone Lamsma. Wûn it Prinses Christina Concours fan ‘t jier.
Ik tocht ’dat moat byinoar’, dat ik haw Robert en Tim mei inoar yn ‘e kunde komme litten. Fantastysk wie dat! Dogge no tegearre ek dingen yn Frankryk.
It giet by dy om ferbining? Mei de natuer, mei de keunst, mei geastbesibbens, dyn roots, it ferbinen fan minsken underinoar? Kin ik dat sa ferklearje?
Faaks wol. Ik bin altyd op syk nei harmony. It moat strike, it moat goed fiele. Sokke talinten in eintsje op gong helpe fielt goed; dan begjint it ek te streamen , dan krijt it in kâns . Dat is neffens my wichtich; dat minsken in kâns krije.
Wêr fielst dy thús?
Ik haw in hiel aparte bân mei de Dongeradielen. Ik wie op in stuit ûnderweis mei de auto en ik ried troch de lannen dêr; de pleatsen leinen as lytse paradyskes yn de iepen flaktes en de loften wienen sa moai, net te beskriuwen. Ik hie prachtige muzyk der op te stean en fielde my ynienen djip gelokkich fan safolle skientme. It wie in djip en oerweldigjend gefoel en ik tocht ‘Ik om thús’. Ik kin it net útlizze, mei’t ik hikke en tein bin yn de Wâlden. De twadde kear dat ik dat gefoel hie wie by Hetty Obreen; it gefoel fan geastsibbens wie sa djip. Dêr kaam ik ek ‘thús’.
‘k Soe der nammers net wenje wolle, yn de Dongeradielen. Ik mei graach oer it wide en de iepenheid , mar Twizelerheide is myn thús. It is der ‘smûk’ en hjirre fiel ik my feilich.
Ik haw nei dy ûnderfining op dy lânwei wol ris tocht dat ik wat mei de lju dêr dwaan woe. Eefkes dêrnei waard ik belle troch ien út Ie dy’t in dirigint socht foar in koar. Dat haw ik doe dien en dat doch ik no al 25 jier. It is in geweldich koar en wy hawwe prachtige optredens. Ik haw al in kear of wat hân dat ik yn ‘e rin fan sa’n optreden tocht: ‘Wêr sil dit hinne?’ It sjongen stiget nei de wolkens, de himmel en dan…? Sokke tinsen oerfalle my dan.
Ik bin in gelokkich minske. Haw eins alles dêr’t ik as bern oer dreamde wier makke. Myn hûs yn ‘e natuer, keunst en muzyk. Geweldige lju om my hinne. Dat jout my in gefoel fan tankberens. It libben is moai.
Biografyske gegevens.
Jaep (Jakob) Meems waard berne op 8 april 1943 yn Twizelerheide. Hy waard grut as de middelste fan trije bruorren yn in hurd wurkjend middenstânsgesin. De âlde lju hienen in drogisterij en wienen fromme gerifformearden dy’t harren bern frij lieten om dingen te ûndersykjen en út te plúzjen. Heit rekke jong út de tiid en mem, no 102 jier âld, rette gâns in skoft allinnich mei de winkel. Jaep studearre oargel, piano en algemiene muzikale foarming oan it Konservatorium yn Ljouwert en Grins en folge oanfoljende kursussen en opliedings yn De Haach en Driebergen. Hy wie 40 jier oargel- en pianodosint oan de Streekmuzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost, 30 jier fakdosint muzikale foarming yn it basisûnderwiis en hat in soad taken op him nommen yn de keunst- en kultuersektor. Hy spile jierren by it Iepenloftteater fan Burgum, siet yn it bestjoer fan de Skierstins yn Feanwâlden, organisearre in protte kulturele en literêre jûnen yn Twizelerheide, is sûnt 25 jier koardirigint fan it koar yn Ie en frijwilliger en riejouwer fan de Keunstkrite Twizel. Hy wennet en wurket yn Twizelerheide.