Deze tekst is ook beschikbaar in het Nederlands
Doel 1
Ferbreedzjen fan oanbod fan keunstsinnige en kulturele attraksjes troch it ûntwikkeljen en op gong bringen fan nije projekten.
Doel 2
Ferdjipping fan oanbod troch it optimalisearjen fan de byldentún (briedplak, besinningsplak en platfoarm)
Doel 3
Ferdjipping troch gearwurking mei oare organisaasjes (oantreklik regionaal oanbod)
Doel 4
Netwurkjen tusken de besteande attraksjes ferbetterje.
Doel 5
Twizel as kultureel en keunstsinnich hert fan Achtkarspelen op ‘e kaart sette.
Dêrnjonken is in oantal doelen formulearre, dêrby hat it fuortsterkjen fan keunst yn it algemien it sintrale útgongspunt west.
Doel 6
It bieden fan in platfoarm foar bylzjendel keunstners yn de regio.
Doel 7
It bieden fan fasiliteiten foar projekten fan tredden.
Doel 8
Algemiene Keunstedukaasje (passyf en actyf).
Dizze doelen wurde jierliks hifke en dêr wêr nedich wersjoen. De befinings wurde ferwurke yn it belied en werspegele yn de algemiene bestjoerlike aktiviteiten, lykas it gearstallen fan it jierprogramma.
Doelgroepen wurde per aktiviteit formulearre.